Tomke – seizoenen

Tomke - seizoenen
Categorieën: ,
Publisher:

“Giesto mei op aventoer troch de seizoenen mei Tomke?”
“Ga jij mee op avontuur met Tomke door de seizoenen?”

Fjouwer moaie ferhaaltsjes oer de aventoeren fan Tomke. Els seizoen belibbet hy, tegearre mei Romke, wer wat nijs. Yn ‘e maitiid siket Tomke blomkes foar Kornelia. Allinich hy sjocht in bij! Romke wol de bij graach pakke mar gelokkich is Korenlia op ‘e tiid. Mei syn allen gean se nei imker Jan om te leren oer de bijen en de huning. Yn ‘e simmer giet Tomke mei Romke en Kornelia op fakânsje nei de camping. En dêr is fan alles te dwaan en te sjen. Jûns is der in disko, mar at dit wol hielendal goed giet? Sadra it hjerst is wolle Tomke en Yana Yu it hûs fersiere. Kornelia nimt harren mei nei it bosk. Ikels, kastanjes, dinne-apels en bledjes… se nimme fan alles mei mar wat kinst dêr eins allegear mei dwaan? En as lêste wurdt it winter. Der leit iis op ‘e fiver. Tomke wol sa graach reedride, mar hy wibelt wol in bytsje. Kornelia pakt in stoel foar him en dan giet it better. Wisto wa’t der moai op ‘e stoel sitte kin?

Vier mooie verhaaltjes over de avonturen van Tomke. Elk seizoen beleeft hij, samen met Romke, weer iets nieuws. In de lente gaat Tomke bloemen zoeken voor Kornelia. Maar hij ziet een bij! Romke wil de bij zo graag pakken maar gelukkig is Kornelia er op tijd bij voor er iemand gestoken kan worden. Met z’n allen gaan ze naar Jan, de imker, om te leren over de bijen en hun honing. In de zomer gaan Tomke en Romke op vakantie naar de camping. En daar is ontzettend veel te beleven. In de avond is er disco, maar of dit wel helemaal goed gaat? Wanneer het herfst is, willen Tomke en Yana Yu heel graag het huis versieren. Kornelia neemt ze mee naar het bos. Eikels, kastanjes, dennenappels en blaadjes… ze nemen veel mee naar huis maar wat kun je er nou eigenlijk mee maken? En als laatste wordt het winter en ligt er ijs op de vijver. Tomke wil heel graag gaan schaatsen, maar hij wiebelt nog een beetje. Kornelia pakt een stoel en dan gaat het ineens veel beter. Weet jij al wie er heel goed op die stoel kan zitten?

Yn trije wurden

Edukatyf, learsem, kleurryk
Educatief, leerzaam, kleurrijk

Yn mear wurden

Tomke belibbet mei syn hûntsje Romke, syn buorfamke Yana Yu en Kornelia aventoeren dy’t ticht by it libben fan de bern steane. De bern kinne sich werkenne yn de, op rym skreaune, aventoeren. Dêrtroch kinne se reagearje op wat se sjogge en hearre. Lêzen is dus mear dan allinich in boek mei letters! 

Tomke is in foarlês- en taalstimulearrinsprogramma foar de pjutten en de beukers yn it Frysk. Us Fryske taal wurdt steeds minder sprutsen. Troch it brûken fan taal yn ‘e omgong mei de jonge bern bliuwt de taal bestean. Boppedat: bern dy’t harren memmetaal goed behearskje, kinne folle makeliker in oare taal leare.

Tomke beleefd met zijn hondje Romke, buurmeisje Yana Yu en Kornelia avonturen die binnen de belevingswereld van de kinderen passen. De kinderen kunnen zich dan ook snel herkennen in de, op rijm geschreven, avonturen. Hierdoor kunnen ze reageren op wat ze zien en horen. Lezen is dus meer dan een boek met letters!

Tomke is een Fries voorlees- en taalstimuleringsprogramma voor de peuters en kleuters. De Friese taal wordt steeds minder gesproken. Door het te gebruiken in de omgang met jonge kinderen zal de taal blijven bestaan. Bovendien: kinderen die hun moedertaal heel goed beheersen, kunnen ook makkelijker een nieuwe taal leren. 

Disse fjouwer boekjes binne in prachtige oanfulling foar de Fryske berneboeken. De measte bern witte wa’t Tomke is, ek troch it tilefyzjeprogramma op Omrop Fryslân. De yllustraasjes binne sa werkenber foar de bern dat sy metien witte dat it om Tomke giet. Derneist jouwe de yllustraasjes de tekst kracht troch sjen te litten wa’t der bard. In prachtige bundel om sels foar te lêzen as kado te jaan foar in poppe as in pjut.

Deze vier boekjes zijn een prachtige aanvulling voor de Friese kinderboeken. De meeste Friese kinderen weten wie Tomke is door het televisieprogramma van Omrop Fryslân. De illustraties zijn dan ook zo herkenbaar voor de kinderen, dat zij meteen weten dat het om Tomke gaat. Daarnaast geven de illustraties kracht aan de tekst door te laten zien wat er op dat moment gebeurd. Een mooie bundel om zelf voor te lezen, babycadeau of als cadeau voor een peuter. 

By de Afûk kinsto ek de Tomke as Romke knuffel keapje!
Bij de Afûk kan jij zowel de Tomke als Romke knuffel kopen!

Blog auteur Yvonne Soepboer

Geef een antwoord

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *